De hiele fytsrûte tusken Ljouwert en Warkum is klear. De lêste ûntbrekkende skeakel wurdt freed iepene. It giet om de twa fytspaden Blessum-Hilaardermieden en Hoptille-Panwurksbrêge.

De beide nije fytspaden binne nei de ruilverkaveling oan 'e súdwestkant fan Ljouwert ûntstien. Se binne fjouwer kilometer lang en betelle troch de provinsje en Wetterskip Fryslân.